Net Fryskprate yn rjochtbank

29 maaie 2013 - 16:25

In fertochte dy't woansdei yn de Ljouwerter rjochtbank it Frysk brûke woe yn syn saak moast úteinliks oer op it Hollânsk. De griffier fan de rjochtbank koe it Frysk net ferstean. Ta grutte fernuvering fan de advokaat fan de fertochte, Tjalling van der Goot. It brûken fan it Frysk is yn de wet ferankere en dat in fertochte eins twongen wurdt oer te gean op it Hollânsk is neffens him in grutte teloarstelling. De rjochter joech de fertochte de kar om de saak no yn it Hollânsk trochgean te litten of letter yn it Frysk. De fertochte keas it earste.

Neffens Van der Goot driget dit hieltyd faker foar te kommen troch de fúzje fan de ferskate rjochtbanken yn Nederlân. It rjocht om it Frysk te brûken yn de rjochtbank stiet neffens him ûnder druk. Minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken hat woansdeitejûn sein dat it yn striid mei de wet is, at de fertochte gjin Frysk prate mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)