Gaswinning net min foar natuer

29 maaie 2013 - 14:21

De gaswinning ûnder de Waadsee hat gjin gefolgen foar de natuer. Dat konkludearret de NAM nei ûndersyk. Natuerorganisaasjes meitsje har soargen oer boaiemdelgong troch gaswinning, mar neffens de NAM binne der gjin negative effekten metten. De Waadferiening ferwachtet dat de gefolgen foaral op langere termyn te sjen wêze sille.

De NAM krige koartlyn tastimming om de kommende tweintich jier 15 miljard kubike meter gas ûnder de Waadsee wei te pompen.

Trefwurden: 
natuer NAM gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)