Wino de Jong achter Veenstra

De foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean, Wino de Jong, bliuwt fjouwerkant achter bestjoersfoarsitter Robert Veenstra stean. De Jong reagearret dêrmei op de oanhâldende ûnfrede, ûnder supporters en sponsors. Wino de Jong neamt de ûnrêst 'in herhelling fan setten'.
It opstappen fan sponsors hat neffens him neat te krijen mei Veenstra, mar mei de krisis.