Undersyk nei ûnderstrûpt lân

Struisâlt
De gemeente Frjentsjerteradiel sil ûndersykje oft der in direkte relaasje is tusken de sâltwinning by Tsjummearum en it ûnderstrûpen fan lânbougrûn lâns de Hegesylsterdyk. Dat hat boargemaster Veenstra tongersdei sein yn reaksje op fragen fan riedsleden. Veenstra wol sa gau as mooglik mei it wetterskip prate. Dat is ferantwurdlik foar de kaden yn it gebiet.
Neffens riedslid van Dijk fan de PvdA komt de oerstreaming troch de sâltwinning. Earder wie der ek wol heech wetter, mar strûpte der nea wat ûnder. No't de grûn troch de sâltwinning fersakke is, gebeurt dat ynienen wol, seit hij.