Referindum yn Ferwerderadiel

29 maaie 2013 - 07:16

De ynwenners fan de gemeente Ferwerderadiel meie har woansdei yn in referindum útsprekke oer de weryndieling fan har gemeente. It is al bekend dat de gemeenteried fan Ferwerderadiel yn see giet mei Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân. Mar hoe't dat der krekt út komt te sjen, is noch de fraach. En dêr meie de minsken woansdei oer meibeslute. De stimburo's binne om healwei achten iepengien. Op de gemeentlike webside is de opkomst te folgjen. Om 10 oere wie de opkomst krapoan trije persint. It giet om in saneamd riedplachtsjend referindum.

De ried moat úteinlik in oardiel jaan. By in opkomst leger as 50 persint wurdt de útslach ûnjildich ferklearre. De stimburo's yn Ferwerderadiel binne noch iepen oant njoggen oere. Om 16.30 oere wie it opkomstpersintaazje 16 prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)