Sven fan kening nei tiidrit

28 maaie 2013 - 23:08
  • Yn Dwingeloo

Sven Kramer hat tiisdei nei de keninklike besite oan Drinte meidien oan de distrikskampioenskippen tiidriden. De reedrider en hurdfytser prate yn Dwingeloo mei it keninklik pear en gong dêrnei nei it Drintske Echten. Dêr waard er tredde by de elite hurdfytsers. De titel wie foar Wieger van der Wier fan it Grinzer Mearum. Marten Kooistra fan Jonkerslân en Aafke Soet fan It Hearrenfean waarden kampioen by de nijelingen. Douwe Schaafsma fan De Falom waard twadde. Stef Krul fan Tsjalbert wie de bêste by de junioaren.

Anouska Koster fan De Westereen waard twadde by de froulju, Larissa Drysdale fan It Hearrenfean tredde. Wendy Oosterwoud en Melissa Steenhof, beide fan Oerterp, einigen as twadde en tredde by de juniorfroulju. Esra Tromp fan Coevorden wûn by de froulju, Daphne Hommes by de juniorfroulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)