Mear jild nedich foar Harmonie

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert kin allinnich in topteater wêze as de Ljouwerter gemeenteried ree is om mear subsydzje te jaan. Dat seit kultuerwethâlder Isabelle Diks. Sy hat trije senario's foar de takomst fan De Harmonie op in rychje set. Ien ding is wis: sûnder mear finansjele middels sil it programma-oanbod fan De Harmonie fierder fersoberje.
Maatregels binne nedich, want de stedsskouboarch skriuwt ek dit jier reade sifers. De skouboarch kin dy ferliezen opheine út de eigen finansjele reserve.
Omdat dy reserves dêrmei folslein op binne, moar der yn de takomst wat oars barre. De ried hat hjirby de kar tusken of in meagerder programma akseptearje of it budzjet ferheegje. Op langere termyn soe De Harmonie mooglik gearwurkje kinne mei it nije poppoadium yn it Harmoniekwartier tsjinoer de Harmonie. De plannen foar dit kwartier binne tiisdei presintearre yn teater Romein. De gemeenteried nimt hjir yn juny in beslút oer.