Miljoen foar Noorderhoek

28 maaie 2013 - 20:04
  • Elkien

De gemeente Súdwest-Fryslân stelt mear as in miljoen euro beskikber foar de ynrjochting fan it projekt Noorderhoek yn Snits. Hoe heech it krekte bedrach is wurdt net bekend makke.  

Wenningkorporaasje Elkien sil yn dit gebiet 100 nije huzen delsette nei't de 134 âlde huzen sloopt binne. Krekt as in soad wenningkorporaasjes hat Elkien fanwege de finânsjes besletten om guon bouprojekten te skrassen. Mar neffens wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân hat de korporaasje tasein dit projekt hielendal ôf te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)