Busstasjon Boalsert ferhuzet

28 maaie 2013 - 17:35

It busstation fan Boalsert ferdwynt yn 2014 definityf fan it Arrivaterrein yn it sintrum nei de Twibaksdyk oan de râne fan de stêd. B. en w. fan Súdwest-Fryslân stelle hjirfoar 765.000 euro kredyt beskikber. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean. Mar dat is in formaliteit omdat de provinsje al 520.000 euro subsydzje tasein hat.

Op it Arrivaterrein wurde apparteminten, in supermerk en tal fan oare foarsjennings ûntwikkele. De bou dêrfan is yn folle gong. Troch de ferhuzing fan it busstasjon komt der mear romte foar parkearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)