Frou troch wiete fuotten pakt

28 maaie 2013 - 15:18
  • Plysje-embleem

De plysje hat tiisdeitemoarn in frou fan 24 út Ljouwert oanhâlden omdat se in flesse drank stellen hie by in supermerk yn har wenplak. De frou besocht dêrnei út te naaien troch yn in grêft te springen. De plysje koe har lykwols maklik fine omdat se mei har wiete fuotten ôfdrukken achterliet. De frou waard fûn achter in parkearde auto. Se is meinaam nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)