2 jier sel easke minskehannel

28 maaie 2013 - 12:52

Tsjin in minderjierrige fertochte út Ljouwert is foar de rjochtbank twa jier selstraf easke. Hy wurdt fertocht fan minskehannel en poging ta moard. Ek moat hy fan it Iepenbier Ministearje in skeafergoeding fan santjintûzen euro betelje oan ien fan de slachtoffers. De jonge stiet mei syn heit, mem en broer foar de rjochter.

It gesin soe fiif minsken twongen ha ta biddeljen en it ferkeapjen fan de strjitkrante. De jonge fertochte soe ek in minderjierrich famke besoch ha om it libben te bringen.

Fan 'e middei wurdt de saak tsjin de oare leden fan it gesin behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)