FNV hat krityk op Rabobank

28 maaie 2013 - 12:06

De Rabobank moat de kommende jierren noch net fierder reorganisearje yn Fryslân. Dat seit Annelies Ossel fan it FNV. It soe te gau wêze. De Rabobank hat de Friesland Bank oernommen en de minsken sitte noch net iens te plak.

Rabobank Nederland is fan doel om foar 2016 lanlik achttûzen meiwurkers dien te jaan en de helte fan it oantal regiokantoaren te sluten. As dizze reorganisaasje ek yn Fryslân útfierd wurdt, ferwachtet Annelies Ossel in slachfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)