Nêsten fernield troch meanen

28 maaie 2013 - 11:47

Der is grutte konsternaasje ûnstien ûnder natuerleafhawwers yn Westergeast. By it meanen fan in stik greide oan de Prellewei binne tsientallen eine- en fazantenêsten mei fûgel en al stikkenmeand. Ek is der in jong reekealtsje sneuvele. De fûgelwacht neamt it in slachting.

Grûneigener Mark van der Galiën seit dat hy der net by stil stien hat dat der fûgels en reeën yn sitte koene. Neffens him moast er wol meane, omdat boeren oars kleie oer siedsjes dy't fan it ferrûge stik lân ôfwaaie.

Trefwurden: 
meanen nêsten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)