Krityk op funksjonearen IM

28 maaie 2013 - 11:35

Der komt hieltyd mear krityk op it funksjonearen fan in tal ôfdielings fan it Iepenbier Ministearje. It giet benammen om de parketten dy't it ôfrûne jier fusearre binne, lykas dy yn it Noarden. Dy krije in soad oer har hinne fan rjochters en advokaten. Justysje leveret saken faak te let oan, is ûnder oare de krityk.

In rjochter yn Grins seit dat it net om ynsidinten giet. Ien fan de fertochten yn in grutte drugssaak krige syn oprop om foar de rjochter te ferskinen sá let, dat der gjin advokaat mear regele wurde koe.

Net allinne yn it Noarden binne problemen, it jildt ek foar de parketten yn Seelân, West-Brabân en East-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)