Man rydt 159 oer 80 km dyk

28 maaie 2013 - 11:20
  • nepplysje

In 29-jierrige man út Drachten is moandei yn Ingwierrum syn rydbewiis kwytrekke, omdat er te hurd ried. De man waard op de Saatsenwei klokt mei in snelheid op de teller fan 159 kilometer yn de oere. Dat is hast twa kear sa hurd as de tastiene tachtich kilometer. De plysje hat syn rydbewiis yn beslach naam, en de man hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)