Mear klachten oer fleanbasis

28 maaie 2013 - 11:14

It tal klachten oer lûdsoerlêst troch de fleanbasis Ljouwert is ferline jier flink groeid. Yn 2011 kamen der 163 klachten binnen, ferline jier wiene it der 241. Mooglike reden is dat ferline jier mear flein is as yn 2011. Sa wiene der mear oefeningen. Benammen yn april wiene der in soad klachten oer leven fan de fleanbasis. Doe waard de oefening Frisian Flag hâlden.

Ut in oersjoch fan de klachten docht bliken dat in groep fan fiif melders mei elkoar 36 klachten yntsjinne hat. Ien fan har belle 16 kear.

Trefwurden: 
fleanbasis klachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)