Gat yn dyk Beetstersweach

It gat yn de dyk
Bewenners fan de Utein en de Singels yn Beetstersweach seagen moandeitejûn frjemd op doe't ynienen in grut gat yn de dyk ûntstie. Neffens de gemeente is der gjin sprake fan in saneamd 'sinkhole'. In wurdfierder seit dat der romte ûntstien is tusken de oansluting fan in rioelput en in rioelbuis en dat dêrtroch de boaiem fuortsakke is. Dit komt wol faker foar. Tiisdei sil it gat wer tichtmakke wurde.