Fergees fruit yn beam Ljouwert

28 maaie 2013 - 09:35

De aksjegroep #Pluk hat tiisdeitemoarn fruit hongen yn in plataan oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Mei de aksje wol de groep omtinken freegje foar in projekt om fruitbeammen yn de stedsnatuer werom te bringen. Minsken kinne dan har eigen fruit plukke.

#Pluk wol minsken der sa bewust fan meitsje dat fruit in produkt fan de natuer is, en dat se der net foar nei in winkel hoege. Foarbygongers meie tiisdei it fruit dat yn de beam op de Wurdumerdyk hinget, der gewoan úthelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)