Evakuaasje Klein Zwitserland

De tagongsdiken nei camping Klein Zwitserland oan de Burgumermar binne tongersdeitejûn ûnderstrûpt. De minsken dy't op de camping binne hawwe it advys krigen om fuort te gean, no't it noch kin. As se dat woene regele de gemeente ûnderdak by Van der Valk yn Hurdegaryp, mar dêr hat gjinien gebrûk fan makke.
Sawat de helte fan de minsken hat it terrein ferlitten.