Warskôging Ljouwerter bosk

05 jan 2012 - 21:19

De gemeente Ljouwert ropt besikers fan it Ljouwerter bosk op om dêr foarsichtich te wêzen. De stoarm fan de lêste dagen hat ek yn it bosk in soad skea feroarsake, mar de gemeente pakt earst de stoarmskea yn de stêd en de doarpen oan.

Sadree't de bûtentsjinst dêr klear mei is, sille se it Ljouwerter bosk ynspektearje en oan it oprêden en snoeien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)