Film De Jong oer boer Frans

Boer Frans sjongt yn de studio fan Syb
Regisseur Steven de Jong wurket oan in film oer boer Frans Zwaagstra út De Westereen. Dat meldt RTL Boulevard. Zwaagstra is bekend fan Omrop Fryslân en Man Bijt Hond. Hy spilet in rol yn de nijste film fan De Jong, Leve Boerenliefde.
Neffens De Jong lient de eksintrike boer Frans him goed foar in koarte film. Dy sil foaral gean oer hoe't boer Frans besiket in freondinne te krijen.