Aris noch op syk nei sponsors

27 maaie 2013 - 16:47
  • Aris Ljouwert

It is noch hieltyd net wis oft de basketballers fan Aris takom jier wer yn de earedivyzje spylje. Der hawwe yntusken wol petearen west mei mooglike nije sponsors. Manager Gert Schurer is hoopfol oer de takomst. Aris belibbe in histoarysk seizoen. De Ljouwerters stiene yn de finale fan de play-offs tsjin Leiden. Mar nei fjouwer wedstriden wie it 4-0 foar Leiden en gie de lânstitel oan de noas fan Aris foarby. Aris waard twadde. In bysûndere prestaasje.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)