Bernekoar Flylân krijt jild

27 maaie 2013 - 15:27

Bernekoar De Splinters op Flylân kin wer in pear jier foarút. De opbringst fan de feiling fan it earste tontsje mei nije hearing op 5 juny giet dit jier nei it koar. Dat hat mar acht leden. De opbringst fan de kontribúsje is dêrtroch te min om fan bestean te kinnen.

No't it koar jild krijt wol it in cd opnimme en nije unifoarmen keapje. Mei de opbringst fan de cd tinkt it koar noch jierren bestean te kinnen.

Trefwurden: 
jild bernekoar hjerring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)