Plan foar oanpak wurkleazens

De Partij van de Arbeid wol wat dwaan oan de jeugdwurkleazens yn Eaststellingwerf. Dy rint krekt as de totale wurkleazens stadichoan fierder op. Der binne op dit stuit yn de gemeente 70 wurkleaze jongeren. De PvdA komt no mei in inisjatyf foar in startersbeurs.
Jongeren kinne fia in webside yn kontakt komme mei wurkjouwers en sa in heal jier wurkûnderfining opdwaan. De jongeren krijge 500 euro netto yn de moanne. Hûndert euro wurdt betelle troch de wurkjouwer, fan de gemeente wurdt in bydrage fan 400 euro frege.