'Aksjegroep net tsjinwurke'

27 maaie 2013 - 11:50

Fryske skoalbestjoeren ûntkenne dat sy de lanlike aksjegroep Behoud Kleine Scholen yn harren striid tsjinwurkje. De aksjegroep is tsjin in ûndergrins fan 100 learlingen foar basiskoallen en fiere hjir aksje tsjin. Mar neffens de aksjegroep wurket Fryslân net mei.

Jan Sijtsema fan de organisaasje fan oerkoepeljende PCBO's yn Fryslân hearde pas fan it bestean fan de aksjegroep doe't in skoalle hjirtroch oanskreaun wie. Oare skoallen dy't ek oanskreaun binne hawwe de ynformaasje wol trochjûn oan kollega's. 

Mooglik dat it beteljen fan 25 euro oan de aksjegroep reden foar in soad skoallen is om net oan te heakjen.

Trefwurden: 
skoallen aksjegroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)