Sponsors H'fean fiere aksje

27 maaie 2013 - 10:45

Ut namme fan in groep ferûntrêste sponsors is der moandeitemiddei in mail stjoerd nei alle sponsors fan SC Hearrenfean om de ûnfrede te peilen. Yn de mail stiet ûnder oaren dat der soargen binne oer de takomst fan de klup en dat, wat yn jierren opboud is, no driget ôf te brokkeljen.

Der wurdt oan alle OSSH leden frege om in reaksje. De brief is in inisjatyf fan in groep fan trettjin sponsors. Folgjende wike hopet de groep bekend te meitsjen wat se fierder dwaan sil. Op de earste dei ha se tsientallen reaksjes krigen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)