Fertochte fan oanriding socht

Plysje-embleem © ANP
De plysje is op syk nei in bestjoerder dy't moandeitejûn belutsen wie by in ûngelok op de Kobaltstrjitte yn Wolvegea. In 18-jierrige frou waard oanriden. Se hearde de auto oankommen fanút de Carbonstrjitte. Nei de oanriding ried de auto troch.
Neffens de frou siet in man achter it stjoer. Njonken him siet in frou. It giet om in swarte auto. De frou is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.