Gaslek by swimbad Blauwe Golf

27 maaie 2013 - 10:05

Op it krúspunt by Swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert hat moandeitemoarn in ierdgaslek west. Besikers fan it swimbad moasten dêrtroch fan de brânwacht út foarsoarch it bad ferlitte en yn de klaairomtes wachtsje. Nei fiif minuten die bliken dat it lek net foar gefaar soarge foar de swimmers. It swimbad hat de tafier fan lucht wol efkes ôfsletten, sadat der gjin gas it swimbad ynkomme koe. Om in oere as 11 wie it lek wer ticht en is de omjouwing wer frij jûn. 

Trefwurden: 
swimbad gaslek Blauwe Golf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)