Kontrôles op lânbouferkear

27 maaie 2013 - 09:57
  • Trekker

Sûnt begjin april hat de plysje Fryslân 418 trekkers en oar lânbouferkear kontrolearre. De plysje kontrolearret eltse maitiid op lânbouferkear. By dizze kontrôles ha 85 bestjoerders in warskôging krigen, 65 kear is proses-ferbaal jûn.

De measte oertredings hiene te krijen mei kapotte ferljochting, útsteksels en te min markearing. Ek kaam de plysje ferskate ladingen tsjin dy't net goed fêstsieten. Ek de kommende moannen wurdt noch fierder kontrolearre.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)