Brân yn Place 2B yn Drachten

27 maaie 2013 - 07:12

Der hat sneintejûn brân west yn it jongereinsintrum Place 2B yn Drachten. De brânwacht waard earst oproppen foar in bûtenbrân. Al gau die bliken dat it gie om in brân yn it gebou fan de jongerein oan de Jelle Plantingastrjitte. De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. De brân soarge wol foar in soad reekskea yn it jongereinsintrum. De oarsaak fan de brân soe koartsluting wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)