Van der Bos kening yn Doanjum

26 maaie 2013 - 17:49

De haadklasse keatspartij trochinoar lotsjen yn Doanjum is snein in proai wurden foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Jacob Zaagemans en Hylke Bruinsma. Gert-Anne van der Bos waard yn Doanjum útroppen ta kening.

De lytse preemje wie foar Jan-Dirk de Groot, Folkert van der Wei en Thomas van Zuiden, dy't yn de heale finale ferlearen fan it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)