Drokte by Klokslag Boalsert

26 maaie 2013 - 16:52

Moandei giet op It Hearrenfean de earste peal fan it nije tsiisfabryk fan A-Ware de grûn yn. De ynstallaasjes en masines foar it fabryk wurde makke troch De Klokslag út Boalsert, in spesjalist op dit mêd. Neffens algemien direkteur Evert Yntema stiet de wearde fan de opdracht foar A-ware gelyk oan in heal jier omset. Sa'n 30 man hawwe der de kommende twa jier wurk oan.

De Klokslag hat no sa'n 80 minsken fêst yn tsjinst en noch tsientallen op tydlike basis. It bedriuw bout hast alle produksjelinen fan tsiisfabriken yn Nederlân.

De Klokslag is ek aktyf yn lannen as Dútslân, Eastenryk, Israel, Súd-Afrika en Kanada. De Klokslag profitearret folop fan de groei dy't de suvelsektor op dit stuit trochmakket. Foar de opdracht fan A-Ware wurde de produksjehallen op 'e nij útwreide.

Trefwurden: 
A-ware tsiisfabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)