Fryske skoallen net by aksje

In lanlike aksje foar it behâld fan lytse skoallen krijt yn Fryslân gjin stipe troch tsjinwurking fan de oerkoepeljende skoalbestjoeren. Dat seit aksjegroep Behoud Kleine Scholen. Dy binne sûnt in pear wiken dwaande om yn it hiele lân hantekens te sammeljen tsjin de kabinetsplannen om alle skoallen mei minder as 100 learlingen te sluten.
Ut it hiele lân streame de reaksjes binnen, útsein Fryslân. De aksjegroep hat in flink tal Fryske skoalmasters en juffers sprutsen, mar neffens inisjatyfnimmer Bouwien Rutten meie sy net meidwaan.
No tiisdei sil de aksjegroep de hantekens oanbiede yn Den Haach. Se hoopje foar dy tiid dochs noch wat stipe út Fryslân te krijen.