SCO bliuwt yn degradaasjesône

26 maaie 2013 - 16:20
  • SCO

De Fryske kuorbalderby tusken SCO en LDODK is snein mei 13-17 wûn troch de formaasje út De Gordyk en Terwispel. Op eigen fjild pakt SCO brutaal in 5-2 foarsprong, mar seach LDODK foar rêst wer lâns side kommen: 7-7.

Nei rêst naam LDODK de lieding oer. Oant 10-12 koe SCO de oansluting hâlde, dêrnei wie it ferset brutsen. Troch it ferlies is SCO noch altyd net wis fan liifsbehâld yn de haadklasse A. Nije wike stiet de topper tsjin de nûmer 7 Amicitia op it programma, wêryn't it der op of der ûnder is foar de ploech út Aldeholtpea.

LDODK is al feilich mei 13 punten út 13 wedstriden. Datselde jildt foar Mid-Fryslân, dat sneon mei 29-12 ûnderút gong by kampioen DVO yn Bennekom. Mid-Fryslân stiet mei noch ien wedstriid te gean op it 5e plak mei 12 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)