Almere ferbjustere oer útstel

26 maaie 2013 - 15:58
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

De gemeente Almere en de provinsje Flevolân kinne mar amper leauwe dat de KNSB it beslút oer it nasjonaal topreedrydsintrum útsteld hat oant 8 augustus. Neffens it útlekte rapport fan de beoardielingskommisje soe it plan Icedôme yn Almere de bêste papieren hawwe.

Fanút Almere klinkt it ferwyt dat de KNSB - ûnder druk fan de lobby foar Thialf - de spulregels ûnder de wedstryd feroaret. Neffens boargemaster Annemarie Jorritsma liket it wol op in ferkearde wiksel by it hurdriden: De straf voor een verkeerde wissel is diskwalificatie, seit se.

Jorritsma seit dat se it folste betrouwen hat yn de finansjele ûnderbouwing fan it plan foar de Icedôme. Inisjatyfnimmer Folkert Buiter fan Icedôme woe dit wykein net reagearje. Hy komt moandei mei in reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)