Het Pulletje wint roeien Grou

26 maaie 2013 - 14:35

De roeisloeperace yn Grou is sneon wûn troch Het Pulletje út Katwyk. De manlju kamen nei 2.07.08 oeren oer de einstreek op it farwetter yn Grou. Twadde waard de Twirre út Makkum, it tredde plak gong nei Hjoed 'n Makkie fan Frjentsjer.

By de froulju gong de winst nei Benwyvis fan Skylge. De acht froulju setten in winnende tiid fan 2.17.20 op 'e klok. It twadde plak wie foar Najade fan roeiferiening De 7 Gezusters út Harns. Tredde waard GIA út Rutten.

De útslach moat noch befestige wurde troch de Federaasje Sloeproeien Nederlân (VSN).

Trefwurden: 
Grou roeien roeisloeperace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)