Maaitiid te wiet foar Boere-PC

De Boere-PC giet dit jier net troch. Troch de lette maaitiid sitte de boeren midden yn it lânwurk en hawwe se it net oan tiid om te keatsen. De achtste Boere-PC soe op 6 juny yn Stiens hâlden wurde. De organisaasje hat noch kwalik oanmeldings en ferwachtet op grûn fan de waarsferwachtings dat dat de kommende tiid ek net feroarje sil.
Takom jier komt der wol in 8ste Boere-PC. De datum moat noch fêststeld wurde. Yn elts gefal sil dy net tagelyk mei de Stienzer keatsdagen hâlden wurde, want dy binne yn maaie en dat komt de boeren min út.