Folop aksje by Makkumer werf

25 maaie 2013 - 18:08

Jachtwerf De Vries Makkum hat dizze maaitiid folop wurk. By de werf waard dizze wike motorjacht Utopia oplevere nei hûndert dagen wurk. Dit skip is skildere en krige ek in nij sinnedek.

Sneon kaam der al wer in nij kasko fan 92 meter oan by it bedriuw. It giet om in kasko fan skipswerf Slob yn Papendrecht, dy't de kommende tiid yn Makkum fierder ôfboud wurdt. De Vries skipsbou yn Makkum is spesjalisearre yn it ôfbouwen fan lúkse superjachten. It transport fan de superjachten oer it wetter luts in soad publike belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)