Galama wint ljeppen De Jouwer

25 maaie 2013 - 17:06

De tredde fierljepwedstriid op De Jouwer is sneon in proai wurden foar Ysbrand Galama. Yn syn tredde sprong sette Galama in skânsrekôr fan 19.76 meter op it boerd. It twadde plak wie foar Thewis Hobma mei 19.40. Oane Galama einige as tredde mei in sprong fan 19.02.

By de junioaren wie de winst foar Hans Ulco de Boer mei in ôfstân fan 17.81. Age Hulder einige as twadde mei 17.45. folge troch Sytse Bokma mei 16.10. By de froulju wie Lisanne Hulder de bêste. Har sprong fan 15.55 wie goed foar in nij pr en in skânsrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)