Moai slotstik fan Feanfroulju

SC Hearrenfean © ANP
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha harren lêste wedstriid fan it seizoen sneon ôfsletten mei in romme 5-0 oerwinning op Zulte Waregem. Op it sportfjild fan ONS Snits hienen de Feanfroulju in makje. Nei de earste helte stie der in komfortabele 5-0 foarsprong op it boerd troch treffers fan Cynthia Beekhuis, Maruschka Waldus en trije kear Vivianne Miedema.
Yn de twadde helte wie it krûd damp by de froulju fan trainster Jessica Torny. Sadwaande waard de tuskenstân ek de einstân.
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean beëinigje it seizoen mei in tredde plak yn de BeNe League B. De romme oerwinning op Zulte Waregem wie boppedat in moaie útsetter foar middenfjilder Cynthia Beekhuis en keepster Roxanne van den Berg, dy't ôfskie nimme fan fuotbal op it heechste nivo.