Keizer wint Langstestraatloop

25 maaie 2013 - 16:35

Hurdrinner Jasper Keizer fan Sint Anne hat sneon de heale maraton by de Langstestraatloop fan Ouwesyl nei Sint Jabik wûn. Keizer sette in tiid fan 1.27.14 op 'e klok en wist dêrmei Herman Geritz fan Midlum (1.30.26) en Willem Biemolt út Utrecht (1.36.14) foar te bliuwen.

By de froulju waard de heale maraton in proai foar Sarina Jannes fan It Hearrenfean, mei in winnende tiid fan 1.48.08. As twadde einige Anke Peterson fan Ljouwert yn 1.59.26. It tredde plak wie foar Linda Bronts fan Frjentsjer mei 2.10.53.

De organisaasje fan SV Friesland mocht mar 70 dielnimmers wolkom hjitte. In tsjinfallend oantal, benammen troch konkurrinsje fan de maraton yn Klazienaveen, dy't op deselde dei holden waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)