Postma ferspilet goud yn Finn

25 maaie 2013 - 14:16

Finn-siler Pieter-Jan Postma is der sneon net yn slagge it goud te pakken by de Delta Lloyd Regatta. Yn Medemblik einige Postma teloarstellend as 4e, wêrtroch er syn liedersposysje kwytrekke.

Postma kaam út op in puntetotaal fan 5, lykas de Brit Mark Andrews, dy't twadde waard yn de medaljerace. Om't de plakken yn de medaljerace liedend binne foar de einstân, fertsjinne Andrews it goud. It brûns gie nei syn lângenoat Andrew Mills. De Ynternasjonale Syl Federaasje (ISAF) test dit jier in tal nije formats om de medaljes te ferdielen.

De punten út de foargeande races waarden yn dit gefal net meinaam nei de finale. De seis finale silers namen allinne it einresultaat fan de searjes mei. Foar Postma wie dat ien punt, omdat er boppe-oan stie. De einklassearing yn de medalrace wie dêrom beslissend yn de striid om in medalje. Sa koe it dat Pieter-Jan Postma, fier oan de lieding en sân kear earste, úteinlik dochs net it goud pakte. Oft dit format de kommende jierren tapast wurde sil by ynternasjonale sylwedstriden is noch ôfwachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)