Fryske iisklups lulk op KNSB

25 maaie 2013 - 13:52

Tal fan Fryske iisklups driigje har ôfdracht oan it iisbûn yn te hâlden as it KNSB definityf kiest foar Almere as topsportiisbaan. De iisklups fan Warkum, Hylpen en de Trije Doarpen fan Ingelum, Bitgum en Bitgummole hawwe al by it gewest Fryslân oanjûn dat se de ôfdracht stopsette. Oare klups tinke noch nei oer dy stap.

Neffens Jelle Wesselius fan it gewest Fryslân sil it gewest ek yn berie oer de eigen posysje as Thialf syn topsportstatus kwytrekket. Wesselius seit dat dan besjoen wurde moat hoe't de bydrage fan de iisklups ynset wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)