Leppelbekkenêsten fuortspield

25 maaie 2013 - 13:43

Op ien nei alle nêsten fan de grutte leppelbekkekoloanje op it Amelanner Oerd binne freedtenacht fuortspield. It giet om sechtich nêsten mei aaien en piken. Fan de 60 nêsten hat mar ien pykje it springtij fan freedtenacht oerlibbe.

Op it eilân wurdt der rekken mei hâlden dat it wetter heger as oars komt troch boaiemdelgong. Op It Amelân briede twa groepen leppelbekken. De grutste koloanje is freedtenacht ferlern gien. De lytsere koloanje is noch yntakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)