Twa readbûnte kealtsjes berne

25 maaie 2013 - 12:18

Mei de berte fan twa kealtsjes yn Bakkefean komt de populaasje fan it readbûnte Fryske koweras yn de wrâld op 487 stiks. Dêrmei is it noch hieltyd in seldsum ras. Mar de stichting Readbûnt Frysk fee is al in aardich ein op wei om it doel te heljen fan 1500 fruchtbere kij.

De stichting is yn 1993 oprjochte, doe't der noch mar 17 readbûnte Friezen wiene. It giet om it bewarjen fan Fryske kultuerhistoarje en om de biodiversiteit, it ferskaat oan kowerassen. Fierder smyt it ekslusive streektsiis op en fleis fan goeie kwaliteit.

It fleis fan it readbûnte Fryske ras stiet al op de kaart yn fjouwer Fryske restaurants.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)