Dwerse Damwâldster sûnder helm

25 maaie 2013 - 11:21

In 19-jierrige ynwenner fan Damwâld is freedtemiddei troch it lint gien doe't er oanhâlden waard omdat er sûnder helm op 'e brommer siet. Plysjeminsken seagen de man sûnder helm op de Haadwei yn syn wenplak riden. Doe't er oanhâlden waard aksele hy tsjin en misledige hy de plysjeminsken.

De man besocht út te naaien en fersette him sa fûleindich dat hy allinnich mei help fan oare plysjeminsken oppakt wurde koe.

Trefwurden: 
Damwâld dwers helm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)