'Gedoch om Thialf ûnnedich'

As by de steatediskusje oer Thialf yn novimber helder west hie dat it wurk foar 50 miljoen euro kin, hie de hiele opskuor om de iisbaan net nedich west. Dat seit PVV-fraksjefoarsitter Otto van der Galiën. De earste peal hie al yn de grûn sitte kind en fan de konkurrinsje fan Almere en Zoetermeer wie neat fan de grûn kaam, tinkt Van der Galiën.
Hy ropt deputearre Hans Konst ta ferantwurding. PvdA-fraksjefoarsitter Jornt Ozenga is bliid mei it nijs, mar wol al witte oft der konsesjes oan de kwaliteit dien wurde moatte.