Miljoenen foar suvelûnderwiis

24 maaie 2013 - 21:54

De kommende seis jier wurdt der 15 oant 20 miljoen euro ynvestearre yn ferbettering fan it suvelûnderwiis yn Ljouwert. It inisjatyf krijt de namme Dairy Chain Friesland.

De ferbettere oplieding is in inisjatyf fan suvelreus FrieslandCampina yn gearwurking mei in netwurk fan bedriuwen, skoallen, de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert en de provinsje. It moat it suvelûnderwiis yn Ljouwert nei in heger plan tille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)