Postma ien, Bouwmeester twa

Pieter-Jan Postma giet sneon de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik yn as koprinner fan de Finn klasse. Hy wûn freed twa races en waard in kear sânde. Marit Bouwmeester klom yn de Laser Radial klasse nei it twadde plak. Se waard twadde, fiifde en achttjinde. De bêste seis fan eltse klasse sile de medaljerace. It plak yn de finalesearje wurdt meinommen as skoare. Foar Postma betsjut dat ien punt, foar Bouwmeester twa. Dêr wurdt it resultaat fan de finalerace by opteld. De foarsprong dy't Postma no yn de stân hat, telt net mei.