Jouster Séwei wer himmel

24 maaie 2013 - 17:31

Bedriuweterrein Séwei op De Jouwer leit der wer skjin by. Mei tank oan boargemaster Mary Looman fan Skarsterlân. Sy spuite mei in hegedrukspuit de gevel fan Húsman Ynstallaasje skjin. Dat die se tidens de himmeldei fan it bedriuweterrein, in inisjatyf fan belangeferiening Séwei.

Se wolle dat it terrein der skjin, hiel en feilich útsjocht. Dêrom krije se help fan plysje, brânwacht, Van Gansewinkel en oare Jouster bedriuwen. Neffens ûndernimmer Mickey Huisman soarget in skjin bedriuweterrein ek foar minder stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)